Topwittenskipper Pavel Kabat stjoert mei Waddenacademie oan op trochbraak

27.02.2008 13:49 Leeftijd: 10 Jaar
Categorie: Waddenacademie, Nederlands
Door: de Moanne

Ik ben overal in de wereld geweest, maar dit is toch ook geweldig?

Pavel Kabat: in foarmalige Tsjech út Wageningen dy?t foar twa dagen yn de wike foarsitter wurden is fan de Waddenacademie yn Ljouwert. In unstitút dêr?t de nedige krityk op kaam is: ?ûnsin; nergens foar nedich; it safolste ûndersyksynstitút; skande fan it jild?. Dochs stekt dizze topwittenskipper, dy?t foarhinne net iens echt waarm waard fan it Waad, syn tiid en enerzjy fol entûsiasme yn dizze nije organisaasje. ?Ik wil af van de hijgerigheid?.

Pavel Kabat kin him de krityk op de Waddenacademie bêst yntinke. En dy krityk wie en is der genôch. Dat neist it Waddenfonds de Provinsje Fryslân foar it jild soarget bygelyks, is net tafallich. By de ynfulling fan de Waddenacademie hat de Fryske kommissaris Ed Nijpels it foartou naam. De Grinzer deputearre Bleker neamde de Waddenacademie lykwols ûnsin en fielde der neat foar om jirliks tsien miljoen euro beskikber te stellen foar wer in ny ûndersykssintrum. Sa binne der mear, ek fanút wittenskiplike hoeke, dy?t de Waddenacademie sûnt de earste stappen net sitten sjogge of op syn minst skeptysk binne. Dochs is de Waddenacademie der kaam, al is it budget mei ien miljoen al wat leger wurden. Sûnt decimber ferline jier is Pavel Kabat foarsitter en op 30 july 2008 is it offisjele startskot jûn. Yn Amsterdam en dêr wienen oaren dan wer min oer te sprekken; it adres fan de Waddenacademie is ommers yn it Huis voor de Wadden yn Ljouwert. Mar ja, de akademy is, wegens ûnôfhinklikens, ûnderbrocht by it KNAW (Koninklijke Nederlandse Akademie van de Wetenschappen) en dat sit yn Amsterdam.

NET IN AARDICHHEIDSJE FOAR NIJPELS. ?De Waddenacademie heeft een langere geschiedenis dan dat ik ergbij betrokken ben?, reagearret Kabat mei in licht aksent. ?In de voorafgaande twee, drien jaar zijn er verschillende vormen onderzocht, ook één die tien miljoen euro per jaar moest kosten. ?Yn de foarm dy?t no keazen is kun hy him lykwols goed fine en hy hat der fertrouwen yn dat de Waddenacademie yn syn opset slagje sil. Dus net nóch in ekstra spiler, net in ?bureaukratyske prop?, gjin juldferspilling, net in aardichheidsje en ôfskiekado foar Nijpels.

Kabat is heechleraar Aardsysteemkunde en Klimaatstudies oan de universiteit fan Wageningen en wittenskiplik direkteur fan it Onderzoeksprogramma Klimaat voor Ruimte. Hy hat hiel wat bestudearre, hat in yndrukwekkende cv, baanbrekkend wurk dien bekende en wurdearre klimaatwittenskipper. Syn ûnderfining by fergelykbere projekten wol er graach brûke foar de Waddenacademie-?Het is een beproefde methode?.

De bedoeling is in organisaasje dy?t as in soart smaroalje ferbiningen leit tusken alle ûndersiken, ûndersikers en ynstânsjes yn en oer it waadgebiet en dat binne der aardich wat. Ek wol de Waddenacademie besjen wêr?t noch gjin ûndersyk nei dien is mar dêr?t wol behoefte oan is en dat ûndersyk stimulearje. En dat moat al dat ûndersyk net hingjen bliuwen yn moaie rapporten en publkaasjes, it moat ek by de beliedsmakkers terjochte kommen en dan op in wize dat se der wat mei kinne én dogge-?de onderzoeksresultaten kapitaliseren?sa as Kabat it neamt. Fiif topwittenskippers ût ferskillende diddiplines (klimaat, wetter en romtlike oardning; ekonomy; ekology; geology; en sosjale wittenskippen en kultuurhisoarje) sille der yn dieltiid mei oan de gong, stipe troch in lyts buro. Dan bliuwt de helte fan it juld oer om sels oan ûndersyk te besteden. ?De Waddenacademie is geen concurrent. Het helpt jullie allemaal en er zijn voldoende middelen?, parearret Kabat de kritisy, dy?t ek bang wiene dat al it jild op gean soe oan lean. Hy hat, nei alle gesprekken dy?t er it ôfrûne jier hân hat, trouwens it idee dat de nieningen al wat omslaan.

LOSSE FLODDERS. Kabat is der fan oertsjûge dat der in soad te winnen falt, hy tinkt dat de Waddenacademie foar in trochbraak soargje kin. ?Op verschillende gebieden is vrij veel bekend over de Wadden, met name in de ecologie. Maar tussen de verschillende wetenschappelijke diciplines en zelfs tussen de verschillende stromingen binnen de ecologie is weinig communicatie geweest, veel onderzoeken staan los van elkaar. Ik ben van mening, en met mij vele anderen, dat er tussen de onderzoeksgebieden meer samenwerking moet zijn.? In oar punt dat Kabat him tige oanlûkt, is dat der al jierren flink diskusjearre wordt oer it Waad, wylst in goeie diskusje yn wêzen net mooglik is wegens flinke hiaten yn de kennis oer it Waad. ?Het meest onderzocht is ecologie, maar op sociaal-economisch en sociaal-cultureel gebied is nauwelijks onderzoek gedaan. Terwijl als je het hebt over wel of niet vissen op mosselzaad, je wel beide aspecten -natuur en sociaal-economisch ? zou moeten meenemen. Nu is het vooal een oordeel van ecologen. De uitkomst van een discussie zou een gewogen integraal oordeel moeten zijn, met goede onderbouwingen, zodat je tot een gedegen besluit kunt komen. Nu gaat het vaak om losse flodders.?

Kabat skeakelt oer op it plak dat minsken ynnimme yn de natuer. ?Gemeenschappen worden gebouwd rond bepaalde factoern van een gebied, bijvoorbeeld een eiland met de zee. Daarmee is in honderden jaren een bepaalde cultuur gecrëerd, met het diepgewordtelde besef dat de natuur niet maakbaar is. Je moet niet van alles opleggen, maar redeneren vanuit de traditie van zo?n systeem. Het beleid gaat vaak uit van het behoud van bepaalde natuur, terwijl men niet beseft dat de huidige natuur er over honderd jaar heel anders uit zou kunnen zien, de natuur is dynamisch. De vraag is: moet je niet juist dat dynamische de ruimte geven??Der binnen guon fiskers dy?t werom gripe nei sytsskaligens en mei in lyst boatsje de fisken of skaaldieren fange dy?t it Waad op dat stuit jout. Sy passe harren oan oan de natoer. ?Zoiets meot het beleid eerst toestaan, maar het beleid is vaak gebaseerd op ?ja?of ?nee?en maar weinig op ?ja mits?.? ?Ik vind de toon van het debat ook te scherp, te gepolariseerd, in plaats van dat er gezamenlijk naar oplossingen wordt gezocht?, giet Kabat fierder en dêrmeikomt er werom by syn gedachten oer it belang fan ynterdisciplinair ûndersiek en goed ûnderboude, earlike diskusjes. Sa nimt Kabat yn it petear skynbere sydpaden, wêrby?t syn útsprutsen gedachten en ûnderwerpen útsicht jouwe op folle mear net útsprutsen gedachten en ûnderwerpen dy?t oars mei gemak in dei prate fulle koenen; likernôch ferliest er de reade trie net út it each.

NET BANG WÊZE FOAR MINSKEN. Dat yn de diskusjes de natuer en de oanwêzigens fan minsken tsjin inoar oer steane, funt hu in raar útgongspunt. No, toe dan mae, de minsken meie yn de natuer wêze as se der gjin skea berokkenje, as se sa min mogglik of liafst gjin spoaren efter litte, sa wurdt faak tocht. Mar wêrom? Hawwe minsken net harren eigen plak yn de natuer, meitsje we net ek diel út fan de natuer? En hawwe bisten en planten sels ek net harren ynfloed? Misskyn moatte je net sa bang wêze foar de oanwêzigens fan minsken yn natuergebieten; de natuer moat romte ha, mar de minsken deryn ek. Boppedat: ?De invloed van mensen die er wonen en werken, weten we niet, we weten niet waar de grens ligt.?Tiid dus foar ek oarsoarich ûndersyk, wat de Waddenacademie oangiet. Neffens Kabat wurdt der no te iensidich nei natuer sjoen en spylje by beslissings emoasjes faak in grutte rol.


Net dat hy gjin emoasjes hat by it Waad, hy fielt der júst in soad by, al hat dat wol eefkes duorre. ?Vanuit de inhoudelijke kant heg ik altijd de discussies gevolgd, ook als student al, maar persoonlijk had ik er nog niet mee te maken gehad. Eind tachtiger jaren heb ik voor het eerst Schiermonnikoog bezocht, toen nog met kleine kinderen en dat was leuk en bijzonder.?Hy seach der lykwols nei as in bûtensteander, en dat fielt no hiel oars: yntiid kin hy hast alle eilannen goed en is hy der fol fan: ?Ik vind het er ontzettend fijn. ?Hy fertelt dat it in eigenskip fan himn is: dat it djippere gefoel by him keppele is oan belutsenheid, oan dat er sels in rol hat. De tariedingen foar de Waddenacademie, de petearen dy?t er dêrfoar fierd hat, de gearkomsten op de eilannen, de rol dy?t him jûn is, hawwe no har ynfloed op syn persoanlike belibjen fan it gebiet. As hy oait in fakânsjehûs hawwe wolle soe, soe hy yn earste ynstânsje tinke oan Tsjechië of Frankfyk misskyn. Maar het zou toch net zo goed op een Waddeneiland kunnen? Ik ben overal in de wereld geweest, maar dit is toch ook geweldig??Oft hy in favoryt plak hat yn it waadgebiet? ?Niet zozeer een plek, maar momenten?, antwurdet Kabat. ?We waren in de laatste week van juli vijf dagen op Texel, van vrijdag tot dinsdag. Het was prachtig weer. Die maandagochtend om vijf uur ben ik gaan zwemmen, bij zonsopgang, het was twintig graden, een zwoele ochtend. Dat gevoel, dat je allen in zee zwemt, dat is onbeschrijflijk: die ruimte, de werking van de zee op je geest.? Net alles wat er sjocht befalt him. De restaurants yn De Koog op Texel bygelyks, dat hie likegoed earne oan de Spaanse kust wêze kund, yn plak fan dat it oanslút by de tradysje fan it eilân. ?Misschien moet het zo, maar zelf vind ik het een voorbeeld van hoe het niet zou moeten.?

Al hat er sa syn eigen gedachten en ideën dy?t er net foar himsels hâlt, it liket him der net om te gean dy oan oaren op te lizzen. Hy wol dat goed neitocht wordt foardat in beslút naam wurdt. ?De hijgerigheid, daar wil ik van af. Even een pas op de plaats.? No earst wurdt wurke oan in fisy: wat wolle we mei it waad de kommende tweintich, tritich jier. Under mear op 1 en 2 desimber wurdt der oer praat op in sympoasium yn Ljouwert. As tarieding is in tal wittenskipers oan it wurk set mei it skriuwen fan essays oer de ôfrûne en de kommende jirren. It sympoasium is dan tagelyk de ynhâldelike iepening fan de Waddenacademie. Ek wurde studingen fan de Noordelijke Hogeschool frege hoe?t sy it gebiet graach sjen wolle.

CALIMERO-GEVOEL. Sels hat er de ôfrûne tiid mei in soad minsken praat en op in soad plakke west. ?Twee dingen zijn me opgevallen: de ontzettend grote dynamiek die in de mensen zit, de wil om leike dingen te doen, dat merk je veel minder in de Randstad. Maar ook een soort Calimero-gevoel tegenover het ?boze Den Haag?. Persoonlijk denk ik dat je er meer mee bereikt als je de nadruk legt op de mogelijkheden die de regio biedt op het gebied van ruitme, economie, de kracht van de mensen die inde wordtle svna deze regio zit?, seit Kabat beflein. ?Ik ben zelf geen geboren Nederlander enzou het willen omdraaien, het met een trots gevoel uitdragen.? ?Mijn eerste contact met een Fries was in 1988, op de universiteit in Wageninge. Imand die jaren met zijn gezin in Canada had gewoond, kwam bij mij op de kamer werken. Hij kwam ginnen, ging zitten aan zijn bureau, af en toe belde hij met ziujn vrouw, maar verder heeft hij behalve dingen als goedemorgen drie dagen niets gezegd! Ik heb anderen uiteindelijk gevraagd hoe dat zat en er werd me gezegd:?Zo zijn Friezen?; hij kwam uit Frandker. Ik ben hem daarna wat gaan uitdagen, heb hem ook gevraagd wat voor taal hij sprak als hij belde met zijn vrouw. ?Dat is Fries.? Nu zijn we al twintig jaar de beste vrienden. Mijn ervaringen met Friezen nu zijn heel anders: ze zijn dynamisch, uitdagend. Misschien kwam het doordat hij al zo lang in Canada had gewoond of doordat hij van een andere generatie is. Maar wat ik ermee wil zeggen is dat ik in dit afgelopen jaar ontzettend veel gevoel heb gekregen bij dit gebied.? De Waddenacademie moat syn besteansrjocht noch bewize, mar oan Kabast entûsjasme sil it net lizze. It sil him dy twa dagen wyks fêst noch mear stimulearje om oan te stjoeren op in trochbraak. ?Formeel is het twee dagen ja, maar het zal niet bijvoorbeeld elke maandag en dinsdag zijn; dit is iets wat je voordurend doet.?

Bron: de Moanne nr 7 september 2008